 |
Best screen:
800 x 600
Fryslan |
Parseberjocht:
-
- Wa binne
wy?
- De Hub’n
Bub’n út Amby, Maastricht, waarden yn’e winter fan 1987-1988
formearre troch Bert Huben. Hy krige it plan om yn earste ynstânsje
in Oberkraïner-orkest op te rjochtsjen.
- Dizze tipyske
muzyk komt út it eardere Jûgoslavyske Slovenië wei. De Oberkraïner
sound is benammen ferneamd wurden troch Slavko Avsenik (1956
Trompeten Echo). Spesifyk is de kombinaasje fan bas, akkordeon,
gitaar, trompet, klarinet en bas-
fugelhorn.
Wa’t wol faker nei Eastenryk op fakânsje giet, sil perfoarst wol ris
in kear yn oanrekking komme mei ien fan de wit hoe folle orkesten
dy’t dizze soarte fan muzyk bringe. Yn’e foarm fan polka, wals en
marsch jout boppesteande gearstalling fan ynstruminten in fleurige,
flotte, noflike en sa no en dan lossinnige opwinende klankferhâlding
wer. Dizze muzyk mei hielendal net fergelike wurde mei de styl lykas
troch in hiel soad treflike Tiroler kapellen yn Limburch spile
wurdt. Net allinnich is it orkest lytser (8 persoanen), mar de
tempo’s geane folle flugger, mear ophisend en mei in soad
showeleminten!!
-
- Wat spylje
wy?
- Yn’e rin fan
de jierren waard it repertoire útwreide. Der waarden nûmers tafoege
fan bekende groepen lykas: Tiroler Nachtschwarmer, Tiroler Spatzen,
Viller Spatzen, Orginal Alpenland Quintet, Schurzenjager, Junge
Klostertaler ensfh.
- Ynstruminten
lykas de basgitaar, elektryske gitaar, keyboards en drums lizze by
in tal nûmers in moderne, eigentydske “POP” boaium ûnder it gehiel.
-
- CD’s
- De earste CD
fan de Hub’n Bub’n is in byinoar socht soadsje fan boppesteande
groepen, ien grut “Fest der Musik” sa’t de titel fan de CD seit.
Dizze CD hat net allinne yn ferskate
hitparades stien, mar is ek
troch Omrop Limburch en 25 lokale radiostasjons útkeazen as
“Limburgs Leefste” (Limburchs leafste).
- Yn july 1998
kaam der in nije single út mei de titels: “Sjpas, plezeer beleeve”
en “Silberfaden”.
- “Sjpas,
plezeer beleeve” is skreaun troch Gaby Quaaden-Vreuls fan ús altyd
warbere fanklub. De tekst giet oer de jierlikse Eastenryk Toernee
fan de Hub’n Bub’n en de wille dy’t de fanklub dêroan belibbet!!
“Silberfaden” is in oermjittich ynstrumintaal nûmer dêr’t de
trompettist Olaf Frijns firtuoas boppe it meanfjild útstekt.
- 12 augustus
2001 is ús nije album “Wir sind wieder da” presintearre. Op dit
album binne noch folle mear stilen oanwêzich dy’t dizze muzyksoarte
sa karakterisearje. Fan Oberkraïner oant Alpenrock, foar eltsenien
wol wat!
- Yn 2008 sil
ús jubileum CD útkomme, ek hjir wer in grutte útstalling fan it
repertoire fan de Hub’n Bub’n.
- Bysûndere
tank giet út nei Studio Music House Records yn Maastricht, dy’t op
tige profesjonele en saakkundige wize dy produksje mooglik makke
hawwe dêr’t wy sa grutsk op binne.
-
- Wêr spylje
wy?
- Yntusken
hawwe de Hub’n Bub’n in aardige steat fan tsjinst. Yn 2007 hawwe se
foar de fjirtsjinde kear op toernee west nei Dútslân, Eastenryk en
Itaalje! Sjoen it feit dat dit orkest yn 2008 foar de fyftjinde kear
frege wurdt om in toernee fan alve dagen te meitsjen by in soad
bekende plakken lâns yn Tirol, Súd Tirol en Bayeren (it Walhalla fan
dizze muzyk), jout wol deeglik de kwaliteit oan fan de Hub’n Bub’n.
-
- Withoefolle
optredens yn binnen- en bûtenlân waarden der al fersoarge. Lykas it
troch hiel Europa ferneamde “Preuvenemint” yn Maastricht,
simmerfeesten troch hiel Nederlân, de ferneamde blaasfestivals yn
Aarle-Rixtel, Appeltern, Utert, Iepenloft Theater en Holland Casino
yn Valkenburg, Open-Air Festival yn Maastricht,
wrâldkampioenskippen hurdfytsen, Grand Prix der Volkstümlige Musik
Súd Tirol, Vipiteno Italië, Bierfeesten Gulpen, Volendam, Kohlscheid
Dútslân, Warmenhuizen,
Diepenheim, Markelo, de Jouwer, Neede, Den
Haag, Laren, Voeren België, Dinxperlo, Baak, Lochem, Rijssen en in
hiel soad oare plakken. De Hub’n Bub’n belibje sels oan harren
optredens in hiel soad wille. Se wolle dan ek njonken it bringen fan
goede muzyk en in spektakulêre show in noflike, plezierige sfear
skeppe mei elkoar en mei har publyk, dat op sa’n manier in pear
gesellige oeren belibbet.
- It orkest is
poerbêst geskikt foar Frühschoppen, Spatschoppen, Tirolerjûnen,
tintfeesten ensafuorthinne.
-
- Hub’n Bub’n
Hubn Bubn
Ambyerstraat N
54,
6225 EG Maastricht
+31 (0)43 3622512
Holland Europe
www.hubnbubn.nl
daansmit@hubnbubn.nl
theyvreuls@tele2.nl
bûsboekje

 |
- "The place to be" for
the Hub'n Bub'n in Austria
- is the Ellmauerhof in
Elmau/Tirol
|
- CD-Album's:
- CD album: "Ein Fest Der
Musik" bestel nr.Music House Records tel 043-3217428/ SMH-9604
- CD-Single:
"Spasj,Plezeerbeleeve"/"Silberfaden" Music House Records tel
043-3217428
- CD Album: "Wir sind Wieder
Da !" Bestel nr .MHA-0104 Music House Records tel. 043-3217428
-
|
Tanz - Stimmung - Show !
- Mit diese Zielsetzung
begeistern die 8 Musiker ihr Publikum.
- Ihr Temperament,sind ein
Grund für die beliebtheit der Hub'n
- Bub'n". Die viele
"Fans" sind ein Beweis dasz Sie fast Jeden
- Wunsch der Zuhörer
erfüllen.
- Ihr musikalisches Programm
umfast neben Volkstümliche Musik
- in Oberkreiner- und
Tiroler stil, natürlich auch Stimmungs- und
- Moderne Musik
- Eine extra Dimension
bringt die s.g. "Zillertaler Pop" damit jung und
- Alt immer voll auf ihre
Kosten kommen. Die Gruppe spielt
- neben bekannte Melodien,
auch eigene Kompositionen.
- Bisher sind 3 MC's und 3
CD's "Ein Fest der Musik",
- " Silberfäden"
und "Wir Sind Wieder Da ! " Erschienen.
- Ein neues CD-album wird
gerade angefertigt, ebenso wie ein
- neues single-CD.
- Auftritte für Radio und
Fernsehen: von wirklich groszen Wert sind
- die Zahlreiche Auftritte
in Ausland ...... Alles LIVE !
- In 1994 war die Erste
erfolgreiche Österreich Tournee:"Kaiser Tour"
- mit Auftritte in Ellmau,
Kössen und Brixen im Thale.
- In 1995 die Zweite
Tournee, mit motto " Am Stammtisch" Auftritte in
- Kirchherg, Kramsach,
Westendorf Abtenau(S), Brixen im Thale und Ellmau.
- Der Dritte Tour in 1996
trug den Titel: "Rund den Kaiser"
- Für 1997:
"Silberfãden Tour"
- Für 1998: "Volle
power "
- Für 1999: "Sjpas
plezeer beleeve"
- Für: 2000 "Il
Silensio"
- Für 2001: "Wir Sind
Wieder da".
- Für 2002:
" Sehsucht nach der Fruling "
- Für 2003:
"Gruss an Ellamu"
- Für 2004: "Veer zien
fans vaan uch"
- Für 2005 steht wieder
einen Tournee nach Tirol und !! Amerika
-
-
Für 2006 das nr 13 Tournee nach Tirol!
-
Für 2007 "Spek met Eier " Das nr 14 Tournee nach Tirol!
-
Für 2008 "Dem Land Tirol die Treue" Das nr 15 Tournee
nach Tirol!
- Weiter auftritte für das
"Grand Prix der Volkstümlige Musik Süd Tirol"
- und viele "gigs"
in Italien
|
-
Welcome to the Official Hub'n Bub'n
Website!
-
"Ein Fest der Musik "
-
-
best describes the Hub'n Bub'n as they
perform their
style of festival music internationally. With their
infectious
rhythms and obvious enthusiasm, they have performed their
high energy
-
German, Dutch and Austrian Volksmusik
to an impressive and extensive
-
list of national and international
events.
|

- They Vreuls, Ambyerstraat
N 54,
- 6225 EG Maastricht 043
3622512
Email :
daansmit@hubnbubn.nl

|